Opnij ûnderwiisstakingen: basisskoalle Makkum hâldt 'soargentocht'

Tongersdei en freed stean opnij yn it teken fan lanlike aksjes yn it ûnderwiis. Yn Noard-Nederlân hawwe de fakbûnen oproppen ta in grutte aksje yn Grins. Guon dosinten en skoallen slute harren dêr by oan, mar der wurdt ek op basisskoallen sels aksjefierd. It is foar it earst in aksje fan twa dagen.
Underwiisstaking Makkum
Ien fan dy skoallen is basisskoalle De Populier yn Makkum. Dy skoalle hat sels in eigen protestmars betocht en reizget dus net nei Grins ôf foar de grutte aksje. Neffens learkrêft Wilma Wicherink wie dat in bewuste kar.

"Sels oan de kuier"

"Wy tochten: wêrom geane wy sels net oan de kuier? Wy gean hjoed te rinnen fan it serviceburo fan Boalsert nei it bestjoersburo yn Snits. Yn Makkum is it noch oars as yn de Rânestêd. Alden fiele hjir noch minder de gefolgen fan de staking."
Wilma Wicherink fan De Populier
Omdat dy problemen yn it ûnderwiis bûten de Rânestêd noch tafalle, mist de dosinte de belutsenheid fan âlden by de leararestaking. "De âlden moatte harren mear bewust wurde fan de needsaak fan dizze stakingen foar harren bern. As wy sa trochgean, kinne klassen opsplitst wurde of nei hûs stjoerd wurde. Dat giet ta koste fan de takomst fan harren bern!"
Mei de kuier, de 'soargentocht', wol de basisskoalle dy needsaak oan âlden dúdlik meitsje. "Wy wolle soargje foar goed ûnderwiis foar ús bern, mar wy meitsje ús soargen oer ús fak en oer it ûnderwiis."

Basisskoalle yn Ie

Ek op basisskoalle De Gearing yn Ie wurdt tongersdei aksjefierd, mar dan binnen de skoalle. "Wy hawwe earder wol ticht west", seit direkteur Onno Bouma.
"Mar wy hawwe sein: minister Arie Slob wol net echt nei ús harkje, mooglik kinne wy de minsken berikke dy't wol nei ús harkje. En dat binne by ús op skoalle de bern. Wy sille mei har prate oer de stakingen. En aansten sille wy dat ek yn aksje dwaan troch spandoeken te meitsjen."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by de skoalle yn Ie