Friezen fiele harren gelokkich op it wurk

30 jan 2020 - 07:40

Friezen jouwe harren eigen wurkgelok in grouwe foldwaande: in 7,3. Dat is krekt ien-tsiende punt heger dan it lanlik gemiddelde. Dat is de útkomst fan in ûndersyk ûnder fjouwerhûndert wurkjende Friezen.

Foto: Bruce Mars - Pexels

Yn alderhande beroppen binne minsken ûnderfrege oer ûnderwerpen as wurkdruk, liedingjaanden, nocht en wille op de wurkflier, autonomy en foldwaning. Hoe langer minsken by in bedriuw wurkje hoe heger it wurkgelok skoart, blykt út de sifers.

De froulju efter Wurkgelok

It ûndersyk is útfierd troch de Monitor groep yn opdracht fan Gelukwerkt.frl. Dy lêste organisaasje wurket in protte yn it noarden en is spesjalisearre yn wurkgelok.

Foto: Willem de Vries, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
wurk wurkgelok
(advertinsje)
(advertinsje)