UPDATE: Part fan A7 wer frijjûn nei slim ûngelok by Leek

Ferkear tusken Drachten en Grins moat tongersdeitemoarn rekken hâlde mei fertraging. Fanwegen in slim ûngelok op de A7 by Leek wie de sneldyk in skoft yn beide rjochtingen ôfsletten. Om 10.30 oere hinne makke Rykswettersteat bekend dat ien rydstreek oan beide kanten fan de dyk wer frijjûn is.
© ProNews
By it ûngelok binne in betonmikser en in bestelbuske mei elkoar yn botsing kommen. Oer mooglike ferwûnen is noch neat bekend. De helptsjinsten rieden manmachtich út en ek in traumahelikopter kaam te plak.

Bussen ride wer

De bussen fan ferfierder Arriva hawwe in grut part fan de moarn net riden tusken It Hearrenfean en Grins. Yntusken ride de bussen wer neffens de tsjintregeling.
Op de A7 by Leek stie de hiele moarn in kilometerslange file. Dy begjint no stadichoan yn beweging te kommen.