15 miljoen euro foar Dokkumer 'fabryk fan de takomst'

Dokkumer bougroep Dijkstra Draisma kriget 15 miljoen subsydzje út Den Haag om de plannen foar in renovaasjefabryk troch te setten. De fabryk moat yn 2025 draaie en sa'n 25.000 tûke gevels en dakken produsearje.
Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum © Google Streetview
Yn totaal wurket it bedriuw mei fjirtjin oare bedriuwen oan dit projekt, mar it hat de subsydzje mei twa saaklike partners oanfrege. Dat binne Factory Zero út Tiel en Rc Panels út Lemelerveld. It hiele projekt kostet sa'n tritich a fjirtich miljoen euro.
Neffens Folkert Linnemans, ynnovator by Dijkstra Draisma, is it noch net dúdlik wêr't dit fabryk fan de takomst komt te stean. Fryslân wurdt wis net útsletten.
Harkje nei in reportaazje oer it fabryk fan de takomst