Proefpersoanen socht foar automatysk bestjoerde trein tusken Bûtenpost en Grins

29 jan 2020 - 22:26

Ferfierder Arriva siket minsken dy't in rit meitsje wolle yn in automatysk bestjoerde trein. Yn febrewaris binne der in wike lang testritten. Der is wol in masinist oan board, mar dy komt gewoanwei net oan de knoppen. Dat meldt RTV Noord.

Foto: Bûtenpost

De ôfrûne perioade hat Arriva in nij systeem test wêrby't de trein automatysk rydt. Earst noch sûnder passazjiers, mar fan 13 oant 17 febrewaris komme der jûns testritten tusken Grins en Bûtenpost. Dan kin in groep fan op syn heechst fyftich minsken ferskate kearen hinne en wer.

Nei de ritten moatte de reizgers in enkête ynfolje om te fertellen wat se derfan fûnen. Minsken kinne har noch oanmelde.

De testritten binne jûns, want dan is der mear romte op it spoar as oerdeis. As de automatyske trein de minsken befalt, komt der yn de takomst mooglik in folslein selsridende trein.

Trefwurden: 
trein Arriva Bûtenpost Grins
(advertinsje)
(advertinsje)