Studinten Friesland College meitsje auto's klear foar projektreis nei West-Afrika

Trije opknapte auto's en in lange rit fan 7500 kilometer troch acht lannen hinne mei Gambia en Senegal as eindoel. Seis studinten en twa dosinten fan it Friesland College geane dat aventoer oan. Yn de West-Afrikaanske lannen helpe se mei oan it ûnderwiis.
Kommende snein om acht oere set de karavaan ôf nei België, Frankryk, Spanje, Marokko, de Sahara en úteinlik dus mei de finish dus yn Senegal en Gambia. Dêr wurkje de studinten sân wiken lang oan ferskate projekten. Se jouwe les en helpe mei de opbou fan in leslokaal. It binne studinten fan de opliedingen Engineering en Specialist Mobiele Techniek.

Militêre begelieding

It falt ûnder it lanlike projekt Go For Africa. Ut oare parten fan Nederlân komme noch trettjin oare teams. Yn Mauritanië komme alle teams byinoar, wêrnei't se ûnder militêre begelieding trochreizgje nei Gambia en Senegal.
De tariedingen binne al in jier dwaande. Dizze wike wurdt de lêste hân lein oan de tariedingen yn de wurkpleats op It Hearrenfean. De auto's bliuwe nei de sân projektwiken efter yn Afrika, want de studinten geane mei it fleantúch werom.
Ferslachjouwer Willem de Vries seach by de wurkpleats