Hommeles by Rekkenkeamer kompleet: Grinslanners en Drinten stappe op

29 jan 2020 - 21:23

De foarsitter fan de Ried fan Advys (RvA) fan de Noardlike Rekkenkeamer stapt op. De RvA-leden út Grinslân en Drinte hâlde der ek mei op. Oanlieding is dat de Provinsjale Steaten yn Fryslân de foardracht fan Willem Smink as nije foarsitter net goedkard ha.

Willem Smink - Foto: Omrop Fryslân

"De RvA voelt geen mandaat voor het doen van een nieuwe voordracht", skriuwe se yn in ferklearring. Se freegje oan de kommissarissen fan Fryslân, Grinslân en Drinte om in oplossing te finen.

De Steaten fan Grinslân en Drinte stimden yn mei de foardracht fan Smink as nije foarsitter. De Fryske Steaten stimden tsjin, ta fernuvering fan de Grinslanners.

Unanym foardroegen

De Ried fan Advys droech Smink ferline jier unanym foar as foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer, dy't bestiet út steateleden út Fryslân, Grinslân en Drinte. Oant de stimming yn Provinsjale Steaten fan Fryslân like neat de beneaming fan Smink yn it paad te stean.

De twa Fryske RvA-leden dy't by de gearkomste wiene, Aebe Aalberts (CDA) en Wiebo de Vries (CU), wiene woansdeitejûn net berikber foar kommentaar.

(advertinsje)
(advertinsje)