Brân yn ûndergrûnske kontener yn Drachten
Oan de Mariëngaard yn Drachten is woansdeitejûn brân ûntstien yn in ûndergrûnske kontener. De brânwacht hat it fjoer útmakke troch de kontener mei wetter te foljen.
It is de safolste bûtenbrân yn Drachten de lêste tiid. Faak giet it om konifearen of konteners.
Sneintejûn waarden twa bern fan 13 en 14 jier oanhâlden nei in konifearebrân yn Drachten.