Ynsammelaksje foar stellen caravan

29 jan 2020 - 20:02

Der wurdt in ynsammelaksje holden foar Romana van der Land út Snits. Har caravan waard ferline wike stellen. Mei de wein fol snobbersguod reizge se by merken del. Foar har is it net allinnich in fehikel, mar ek har hûs.

De stellen caravan - Foto: Romana van der Land

Van der Land wenne krekt mei har soantsje yn de caravan doe't dy stellen waard. Omdat al har guod yn de caravan lei, hat sy no neat mear.

Om te soargjen dat sy in nij hûs en nij guod keapje kin is in ynsammelaksje opsetten. It doel is om 6.000 euro yn te sammeljen.

Romana van der Land docht har ferhaal:

(advertinsje)
(advertinsje)