Beneaming Willem Smink giet definityf net troch: stimming hoecht net oer

De stimming oer de beneaming fan Willem Smink ta foarsitter fan de Noardlike Rekkenkeamer hoecht net oer. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok tongersdeitemiddei nei oerlis mei it presidium fan Provinsjale Steaten. Dêrmei is de beneaming fan Smink definityf fan 'e baan.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
In mearderheid fan it presidium, dat bestiet út alle fraksjefoarsitters yn de Steaten, fûn dat de stimproseduere yn it foar dúdlik genôch wie. De kommissaris seit dat guon fraksjefoarsitters de stimming oerdwaan woene: "Wy seine, it wie sa dúdlik as wat, en dêr litte wy it by. Mar ik baal hjir fansels wol fan."

Diskusje troch blanko stimmen

De diskusje gie benammen oer de útbrochte blanko stimmen. Neffens Brok wie de beneaming fersmiten, doe't mar in minderheid fan 17 Steateleden de namme fan Smink op it stimbriefke skreau. Der wiene ek 17 blanko stimmen, mar dy waarden troch de kommissaris by de 6 tsjinstimmers opteld.
Willem Smink © Omrop Fryslân
Nei de stimming wiene der twivels oft dat lêste wol terjochte wie. Sa seach de foarsitter fan de Ried fan Advys fan de Rekkenkeamer, Jan Hein Mastenbroek út Grinslân, der bot fan op. "Volgens mijn informatie waren er meer voorstemmers dan tegenstemmers en dan is Smink benoembaar."
Earder giene Provinsjale Steaten fan Grinslân en Drinte wol akkoart mei de beneaming fan Smink.

Nij reglemint fan oarder

Neffens kommissaris Brok sit der in 'gat' tusken it reglemint fan oarder en de provinsjewet. "Dat sille wy reparearje. Wy soene al mei in nij reglemint fan oarder komme. Dan meitsje wy de útlis oer dit punt dúdlik."
De beneaming fan Smink giet dus definityf net troch. "Us Steaten ha besletten dat se Smink net wolle yn dizze funksje. En oars kin ik dat net meitsje." Willem Smink sei nei it net trochgean fan syn beneaming it spitich te finen foar himsels en foar de Noardlike Rekkenkeamer.