Shorttracker Sjinkie Knegt mei nei wrâldbeker yn Dresden, mar sûnder te riden

29 jan 2020 - 18:11

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea sil takom wike mei de Nederlânske ploech mei nei Dútslân foar de wrâldbeker yn Dresden, mar hy sil dêr gjin wedstriid ride. Hy giet mei om te trainen. Knegt sil yn wedstriidferbân nei alle gedachten mids febrewaris yn Dordrecht syn rentree meitsje.

Sjinkie Knegt - Foto: www.orange-pictures.nl

De wrâldbekerfinale yn Dordrecht begjint 14 febrewaris. Knegt en bûnscoach Jeroen Otter fine dat in moai momint om wer te begjinnen. Yn Dresden krije jonge shorttrackers noch de kâns om harren sjen te litten.

Knegt wie der earder al klear foar om mei te dwaan. Hy woe syn debút meitsje op it Europeesk Kampioenskip yn Debrecen, mar Otter naam him net op yn de seleksje.

Ungemak mei houtkachel

Knegt wie jannewaris 2019 belutsen by in ûngemak mei it oanstekken fan in houtkachel en rûn dêrby swiere brânwûnen op. Hy hat in skoft yn it sikehûs lein en koe hiel lang net shorttracke.

(advertinsje)
(advertinsje)