Auto fan pakketbesoarger yn Ljouwert stellen

In man fan 27 jier hat woansdeitemiddei de auto fan in pakketbesoarger stellen. Dy moast in pakje ôfjaan op de Orionwei yn Ljouwert en liet de auto efkes mei draaiende motor stean. De stellen auto koe troch it track-and-tracesysteem fûn wurde.
© Plysje
Mei meardere plysjeauto's is socht en al reedlik gau koe de auto by Reduzum stilset wurde. De dief, in man fan 27 jier sûnder fêst wenplak, is oanholden en meinommen nei it buro.