PvdA en D66 Ljouwert wolle troch mei PAL/GrienLinks

29 jan 2020 - 16:59

De Partij van de Arbeid en D66 yn Ljouwert wolle hiel graach trochbestjoere mei PAL/GrienLinks. De partijen sizze dat as reaksje op de ferklearring fan PAL/GrienLinks dat de partij 'him beriede wol' oer it wol of net trochsetten fan de koälysje mei PvdA, CDA en D66.

By PAL/GrienLinks oerhearsket op dit stuit de teloarstelling oer it opstappen fan de eigen wethâlder Herwil van Gelder. Dy krige ferline wike in moasje fan wantrouwen fan de folsleine opposysje fanwege it net goed oanpakken fan de reorganisaasje fan de WMO. Koälysjegenoaten CDA en D66 stipen de wethâlder pas nei in skorsing en ek PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi liet har kritysk út oer Van Gelder.

Lutz Jacobi, fraksjefoarsitter fan de PvdA

Lutz Jacobi (PvdA Ljouwert) - Foto: Omrop Fryslân

Jacobi wol dêr no net op weromsjen. "It giet ús om it goed en soarchfâldich regeljen fan de WMO. We dogge dat it leafst mei PAL/GrienLinks. Wy hoopje dat se wer in wethâlder leverje."

Riedslid Anne Nugteren fan D66 seit dat se it opstappen fan Van Gelder 'respektearret'. "D66 wil graag door met deze coalitie. Wij begrijpen dat PAL/GroenLinks eerst rustig wil nadenken, maar we willen ze niet kwijt."

Earst neitinke

PAL/GrienLinks hat sels oanjûn earst yntern neitinke en oerlizze te wollen oer de politike situaasje nei it opstappen fan Van Gelder. De partij hat dêr rom de tiid foar krigen fan de oare kolleezjepartijen. Oare wethâlders nimme salang de taken fan Van Gelder oer.

Herwil van Gelder - Foto: Omrop Fryslân

As PAL/GrienLinks definityf ôfheakket hat it kolleezje yn Ljouwert noch mar in minimale mearderheid fan ien sit. Ofwêzichheid fan ien riedslid troch sykte of oare omstannichheden kin dan de trochslach jaan.

ChristenUnie 'stiet net te springen'

Yn dat gefal meie de kolleezjepartijen op syk nei in nije partner. De ChristenUnie is ree om te praten mar 'stiet net te springen' om yn it kolleezje plak te nimmen, fertelt fraksjefoarsitter Frits Rijpma. "Wy binne net op de wrâld om de PvdA oan in mearderheid te helpen. As we meidogge moatte we ek in stikmannich fan ús punten realisearje kinne." Rijpma fynt boppedat dat der wurke wurde moat oan in 'reëel perspektyf' om de problemen mei de WMO op te lossen.

De gemeente Ljouwert wol de WMO reorganisearje en tagelyk 3,5 miljoen euro besunigje. Van Gelder is dêr yn fêstrûn. De oare partijen yn de ried sjogge ek dat it om in 'bysûnder drege opdracht' giet. Rijpma: "Je moatte dan hiel goed kommunisearje kinne om safolle mooglik partijen yn en bûten de ried mei te nimmen. Dat is no net goed gien." Neffens him wie it opstappen fan Van Gelder ûnûntkomber.

Frits Rijpma, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie

(advertinsje)
(advertinsje)