Steateleden fernuvere om leechfleanplannen fan definsje: "Je skrikke je dea"

29 jan 2020 - 20:43

Definsje wol wer gebrûk meitsje fan in leechfleanrûte oer it easten fan Fryslân. Fleantugen meie op de rûte op 75 meter hichte fleane. Sûnt 2002 wurdt de rûte al net mear brûkt, nei protesten oer lûdsoerlêst. Mar nei de komst fan de nije F-35 hat Definsje wer ferlet fan de opsje om oer it eastlike stik fan de provinsje te fleanen.

Foto: Omrop Fryslân

Definsje is dwaande mei de oanfraach foar in fergunning. As dy binnen is, sille se ûndersykje hoe't se de rûte brûke kinne. De Fryske Steateleden waarden woansdei op de hichte brocht, mei ûnder oare in totaalôfbylding fan de Luchtvaartnota. De Steateleden hiene de romte om fragen te stellen, mar krigen net in protte antwurd.

Neffens Definsje sels wurdt der minder militêr flein as foarhinne. De ôfrûne jierren binne se weromgien fan 213 nei 68 flechten. Mei de F-35 ferwachtsje se noch minder te fleanen. Der soene sa'n 35 flechten oerbliuwe. Dochs is de leechfleanrûte foar harren fan belang, want it skeelt jild. Se hoege dan net mear nei Kanada om der te oefenjen, sa't se no dogge.

FNP: 'Totale waansin'

De amtners koenen net folle antwurden jaan op de fragen fan de Steateleden en ferwiisden troch nei it ministearje. Dat late ta frustraasjes by de fraksjes fan ChristenUnie, D66, GrienLinks en FNP.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"We ha in foarljochtingsgearkomste hân dêr't út bliken docht dat definsje fan doel is om mei de nije JSF op 75 meter hichte fan noard nei súd te fleanen", seit FNP-Steatelid Sijbe Knol. "Dat is fansels totale waansin. Yn 2002 is dy rûte even útsteld om't it foar in protte lûdsoerlêst en feilichheidsproblemen soarge. Dizze nije F-35 makket noch mear lûd, dus we binne hjir bot fan skrokken."

De FNP is ien fan de partijen dy't net te sprekken is oer de plannen:

Definsje wol de rûte ûnder mear brûke om't de boargerloftfeart yn it suden tanimt. Sa bliuwt der net in soad romte oer om earne oars te oefenjen. "Je sille aanst mar yn je hûs sitte en sa'n ding fljocht oer. Je skrikke je dea", seit Knol.

De FNP hat in petysje opset om minsken te berikken. "De JSF komt by noardeast binnen en fljocht der by Weststellingwerf wer út, dus dêr wenje ek nochal wat minsken. Dat moatte je net wolle." Oer de ferfolchstappen is Knol ek al wis. "Dy petysje kinne wy dan yn Den Haag oanbiede en as der genôch stipe is, hawwe je wat mear te sizzen."

Sijbe Knol fan FNP

(advertinsje)
(advertinsje)