Deputearre Poepjes wiis mei dúdlikheid oer wynpark Nij Hiddum-Houw

It is goed dat der no dúdlikheid is oer de komst fan de njoggen hege wynturbines by Wûns, Surch en Koarnwert. Dat is de reaksje fan deputearre Sietske Poepjes oer de útspraak fan de Raad van State, dy't alle beswieren tsjin de komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw ôfwiist.
© Omrop Fryslân
De Raad fynt dat it plak fan it wynmûnepark oan de râne fan Fryslân, de Waadsee en de Iselmar, goed past. En dat betsjut goed nijs foar de provinsje, dy't de fergunning ferliend hat.
Deputearre Sietske Poepjes is deroer te sprekken dat de Raad van State posityf is oer it plan en dat der dúdlikens is dat it wynpark der komme mei.
Wol fynt se it wichtich dat de provinsje yn petear bliuwt. "We komme no yn de faze fan oanbesteging, mar we bliuwe mei de omjouwing yn petear. En sjogge oft it rendemint werom yn de streek komt."
De bou is yn hannen fan Vattenfall. Dy sil nei alle gedachten yn de simmer begjinne.
Deputearre Sietske Poepjes