Selstraf foar Dokkumer foar stellen telefoans by âld-wurkjouwer

In man fan 34 jier út Dokkum moat twa moanne de sel yn, foar it stellen fan twa telefoans. De man hie de tastellen meinommen út in telekomwinkel yn Dokkum, dêr't er in skoftke wurke hie.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens de eigener kaam de Dokkumer noch wol gauris lâns foar in praatsje en in bakje kofje. Letter die bliken dat hy telefoans meinommen hie en ferkocht hie by in twaddehânswinkel yn Grins.
De man hie finansjele problemen en is earder feroardiele foar stellerij op it wurk. De man moat no net allinnich twa moannen de sel yn, hy moat ek de wearde fan 800 euro fergoedzje.