Heger berop yn saak-Van Seggeren wierskynlik pas nei de simmer

29 jan 2020 - 15:26

It heger berop yn de saak fan Van Seggeren wurdt wierskynlik pas nei de simmer ynhâldlik behannele. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert woansdei bepaald. Dat komt ûnder oare om't fertochte Jessica B. noch net observearre wurde kin by it Pieter Baan Centrum yn Utrecht.

Foto: CAMJO Media

Dêr is noch gjin plak frij. Jessica B waard ferline jier july troch de rjochtbank feroardiele ta 20 jier sel, foar it deadzjen fan har man Tjeerd van Seggeren. Neffens de rjochtbank hat se 'berekenend en planmatig' wurke.

Yn in eardere sitting fan it gerjochtshôf wie al bepaald dat de widdo fan Van Seggeren ferplicht ûndersocht wurde moast. In oar argumint foar de fertraging is dat noch in tal tsjûgen heard wurde moat. Dat is in winsk fan advokaat Brian de Pree.

Lês it oersjoch fan de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)