Boalserter ûntuchtfertochte ûnder betingsten earst frijlitten

29 jan 2020 - 15:18

De Boalserter dy't fertocht wurdt fan ûntucht en it besit fan berneporno, is foarearst frijlitten. De Ljouwerter rjochtbank hat dat woansdei besletten.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De reklassearring hie in oare miening: sy hiene advisearre om de man fêst te hâlden. Boppedat makke it Iepenbier Ministearje ferline wike bekend dat der in twadde oanjefte leit tsjin de 34-jierrige Boalserter. Hy soe ek ûntucht hân ha mei syn eardere styfdochter.

De Boalserter waard yn oktober oanholden. It nijs sloech hurd yn op de kuorbalklup en op de Sint Michaëlskoalle yn Harns, dêr't de man les joech. Der binne gjin oanwizingen dat de ûntucht op skoalle of op de kuorbalklup wie.

Oan syn frijlitting binne wol betingsten steld: hy mei net yn kontakt komme mei minderjierrigen en hy mei net yn Boalsert komme.

De ynhâldlike behanneling fan de saak is op 16 april.

(advertinsje)
(advertinsje)