Nije doarpsmûne Reduzum stiet faai

29 jan 2020 - 15:08

It is ûnwis wurden oft der wol in nije doarpsmûne komt yn Reduzum. De hjoeddeistige mûne is hurd oan ferfanging ta en de stifting Doarpsmûne Reduzum krewearret al jierren foar in nije doarpsmûne. Lang om let like it derop dat dy realisearre wurde soe, mar troch in ôfwiisde subsydzjeoanfraach stiet it no faai.

Foto: Omrop Fryslân

De stifting Doarpsmûne Reduzum hie ein oktober de oanfraach foar saneamde 'SDE + subsydzje' yntsjinne en dat wie moai op 'e tiid. Tolve dagen letter waard de stifting belle troch in amtner mei de meidieling dat ien fan de bylevere formulieren ferâldere wie. De stifting hat doe deselde dei noch it goede formulier oanlevere, mar de amtner hat de oanfraachdatum doe ferskood nei mids novimber en dat wie te let.

De stifting hie fan alle kanten te hearren krigen dat de SDE+ subsydzje gjin problemen opleverje soe. Dat de oanfraach no ôfwiisd is, is in flinke ôffaller. "It soe betsjutte kinne dat der net in nije doarpsmûne komt", seit foarsitter Henk Vellinga yn in reaksje.

Acht ton

Mei de oanfrege subsydzje soe de stifting der wis fan wêze dat de mûne weromfertsjinne wurde soe. De 1400 ynwenners fan it doarp ha der earder al foar soarge dat der 800.000 euro op it kleed leit foar de mûne. Mar de stifting hie tasein dat de bewenners dat jild mei rinte werom krije. Dy hurde tasizzing kin neikommen wurde as de subsydzje takend wie. No't dat net it gefal is, hat de stifting besletten om op te hâlden mei de proseduere.

Underwilens is wol beswier oantekene tsjin it ôfwizen fan de oanfraach.

De nije wynmûne kin de enerzjy leverje foar Reduzum, Friens en Idaerd. De âlde mûne, dy't der sûnt 1994 stiet, leveret jierliks tusken de 450.000 en de 500.000 kWh. De nije sil trije kear safolle enerzjy opleverje. Boppedat sil de nije mûne stiller draaie. De folsleine útlis fan de Stifting Doarpsmûne Reduzum oer de gong fan saken is hjir te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)