Aldi sleept gemeente Weststellingwerf foar Raad van State om supermerk

29 jan 2020 - 15:08

Supermerkbedriuw Aldi hat de gemeente Weststellingwerf foar de Raad van State sleept. De gemeente hâldt neffens de Aldi de fêstiging fan in supermerk oan de Heerenveenseweg yn Wolvegea ûnterjochte tsjin. It soe de twadde fêstiging fan de keten yn it doarp wurde.

De Aldi yn Wolvegea - Foto: Google Street View

De gemeente wol gjin detailhannel op it bedriuweterrein, omdat dat skealik wêze soe foar it oantal klanten yn it sintrum fan Wolvegea. Fierder soe de supermerk ek te ticht by in LPG-tank op it bedriuweterrein komme.

Twa jier lyn fergunning oanfrege

De Aldi frege twa jier lyn al in fergunning oan. Omdat Weststellingwerf dêroer noch hieltyd gjin beslút naam hat, soe de gemeente fan rjochtswegen ferplichte wêze om de fergunning te ferlienen. De gemeente seit just dat de beslútfoarming sa lang duorret, yn ferbân mei de LPG-tank yn de buert.

By de pleatslike middenstân bestiet in soad wjerstân tsjin in twadde Aldi op dat plak.

(advertinsje)
(advertinsje)