HEA! Zeinstra moat opromje

29 jan 2020 - 14:31

Syn hiele libben komt troch hannen en dat is bêst emosjoneel. Maurits Zeinstra (82) fan Easterwierrum moat opromje. Jierrenlang wenne hy yn de romme pastorywenning neist de katolike tsjerke, mar no moat hy ferhûzje nei in soarchwenning, en net alles kin mei fansels. Koartlyn waard Zeinstra blyn oan ien each en dat is bêst konfrontearjend, hielendal foar ien dy't it hearlik fynt om te nifeljen mei hout.

(advertinsje)
(advertinsje)