Twa Fryske freonen helje mei "triennen yn de eagen" alternative Alvestêdetocht

Sander Spijksma en Reinder van Abbema ha tiisdei de alternative Alvestêdetocht útriden op de Weissensee. "It wie ferskriklik swier. We hienen ek min waar, der wie rein, snie en hurde wyn. En it wie in hiele lange tocht", fertelt Sander Spijksma.
© Âld Haven4-Foppe Fonds
Mei twa oare maten wolle fjouwer Fryske jongemannen mar leafst fiif Alvestêdetochten dwaan foar it Foppe Fonds. Eins binne se hielendal net sokke sporters, en ek net hiel bot traind, mar se hawwe der wol in hiel soad sin oan.
As earste stie dizze tocht op it program. Trije fan de fjouwer freonen stienen op it iis; ien koe net meidwaan fanwege in tintamen.
"We wienen hartstikke bliid en hienen de triennen yn de eagen doe't we oer de finish kamen, sa bliid wienen we. Ik kaam om 18.15 oere binnen en Reinder in kertierke letter. Krekt binnen de tiid dus", fertelt Sander Spijksma. "Sijmon hat de tocht staakt nei 125 kilometer, hy wie sa faak fallen, hy wie wiet en wurch."

Wat wie har taktyk?

"Yn it begjin ha we wat hurder riden, ús doel wie om foar 12 oere al 100 kilometer hân te hawwen. Dêrnei koenen we wat ynsakje, mar yn it lêste rûntsje moasten we noch wol oanpoatsje om op tiid binnen te kommen. Dat lêste stik wie ek nochris yn it tsjuster."

En hoe is it no?

"It liif is wat stiif en we ha lêst fan de knibbels, we hawwe wat âlde mannekwalen. En we binne wat brak, want we hawwe it fansels wol fierd. It wie in bysûndere erfaring."
Yn it foar hienen se de ôfspraak makke dat as se de tochten net hellen, dat se dan in tattoo sette litte moasten fan in stimpel of in krúske mei de tekst dat it net slagge is. "Dus Sijmon moat no in plakplaatsje helje."
De folgjende tocht wurdt de kuieralvestêdetocht. "We ha noch even om te trainen en dan folgje al frij gau dy oaren, op de fyts, step en it silen. De kommende moannen moatte we noch in soad traine, dat wurdt in leuke útdaging."
Sander Spijksma yn De middei fan Fryslân
Sander Spijksma (19), Reinder van Abbema (21), Sijmon van Abbema (22) út Skettens en Jelko Buma (23) út Wytmarsum betochten it idee in jier lyn yn de keet d'Ald Haven yn Skettens. Dêr kenne se elkoar fan en treffe se elkoar.