Fryske wettersuvering giet foar grut part oer op sinne-enerzjy

29 jan 2020 - 13:36

Mei in grutte symboalyske stekker yn it stopkontakt is woansdei offisjeel it earste sinnepark fan Wetterskip Fryslân yn gebrûk naam. De goed 5.000 sinnepanielen lizze op de wettersuvering yn Ljouwert. Nei dit earste sinnepark wurde nochris 12 parken oanlein mei yn totaal 35.000 sinnepanielen. Dat moat yn de takomst in flinke besparring op de enerzjykosten opsmite.

"We brûke in oergryslik soad enerzjy op de wettersuvering, dus it lei foar de hân om dizze keppeling te meitsjen", seit wetterskipsbestjoerder Otto van der Galiën.

Yn totaal moatte de 13 sinneparken fan it Wetterskip goed 900 miljoen kilowatt oere opwekje en neffens Van der Galiën smyt dat in flinke besparring op. Rûchwei giet it om it besparjen fan 20 persint op de enerzjykosten. "Fansels hawwe earst wol ynvestearje moatten, mar troch de besparring wurdt dat ek wer weromfertsjinne."

De sinneparken fan it Wetterskip komme op stikjes grûn te lizzen dy't oars eins net brûkt waarden. "Hjir yn Ljouwert lizze de measte sinnepanielen," fertelt Van der Galiën, "om't hjir ek de measte romte is. Yn oare wettersuveringen yn de provinsje is wat minder romte, dus dêr kinne we ek wat minder panielen dellizze."

Doel is om de beskikbere romte sa folle mooglik te brûken, mar dêrneist wol genôch romte oer te litten foar in eventuele útwreiding fan de wettersuvering sels.

De parken fan it Wetterskip wurde oanlein troch it bedriuw GroenLeven fan It Hearrenfean. Sy binne wiis mei dizze opdracht, al is it ek in útdaging. "We hebben wel vaker zulke grote parken aangelegd, maar het is voor het eerst dat het verspreid is over zoveel verschillende locaties", seit direkteur Pechtold fan GroenLeven.

Neffens him is it tûk dat foar dizze parken romte brûkt wurdt dy't oars leech bleaun wie. "We hebben in Nederland niet veel ruimte en je ziet toch dat de aanleg van een zonnepark soms op tegenstand stuit. En dat snappen we ook. Maar als we de parken aanleggen op plekken zoals deze dan is dat ideaal."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de start

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)