Manon Kamminga sânde yn Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee

29 jan 2020 - 13:24

Manon Kamminga is sânde wurden by de Alternative Alvestêdetocht op de Eastenrykse Weissensee. Dêrmei is se de bêste Friezinne. De oerwinning gie nei Laura van Ramshorst.

Frank Vreugdenhil hat by de manlju foar de twadde kear op rige de Alternative Alvestêdetocht op syn namme skreaun. Oer in ôfstân fan 200 kilometer bleau Vreugdenhil syn konkurrinten Chrispijn Ariëns en Jordy Harink foar. Marco van der Tuin (Ljouwert) en Ronald Kruijer (Donkerbroek) sieten yn de kopgroep. Sy kamen as fyfde en sânde oer de streek. Bart de Vries einige op plak 22.

Foto: ANP

Froulju

De 25-jierrige Laura van Ramshorst pakte de oerwinning by de froulju. Sy wie al earder mei in groepke fuortriden by it peloton. Emma Engbers pakte it sulver op de Weissensee, foar Beau Wagemakers fan de A6.nl-ploech, fan Klasina Seinstra.

Manon Kamminga

De bêste Friezinne wie Manon Kamminga. Sy waard sânde en siet úteinlik in minút efter Van Ramshorst. Yn datselde groepke fan Kamminga kamen ek oare Friezinnen as Merel Bosma, Aggie Walsma en Anne Tauber oer de finish.

(Advertinsje)
(Advertinsje)