Wike fan de Brexit: mear Britten freegje Nederlânske nasjonaliteit oan

29 jan 2020 - 12:59

Fan it Brexitreferindum yn 2016 oant no, ha sa'n 72 Fryske Britten in Nederlânske nasjonaliteit oanfrege. Dat is mear as trije kear safolle ferlike mei de fjouwer jier dêrfoar. Doe fregen ûngefear 23 Britten naturalisaasje oan. Dit blykt út ûndersyk fan Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Hearrenfean wiene de measte oanfragen. Om te ferlykjen: yn 2018 fregen yn Grinslân 11 Britten in Nederlânske nasjonaliteit oan en yn 2019 wie dat 22. Yn Fryslân binne dat: 16 yn 2018 en 30 yn 2019.

"We willen van het Engelse paspoort af", dat jouwe minsken oan as se de Nederlânske nasjonaliteit ha wolle, fertelt Hillegard Hazelhoff fan Burgerzaken fan Ljouwert. "Ze zijn onzeker over hun verblijfsrecht."

Nei de Brexit bliuwt dit jier alles noch wol itselde. "Na 2020 is het onzeker. Kun je bijvoorbeeld je rijbewijs omwisselen of moet je eerst weer opnieuw rijles nemen? Dat zijn zaken die nog onzeker zijn."

De Brexit is freed 31 jannewaris om middernacht, dan stapt it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny. Hjoed stimt it Europeesk Parlemint oer de saneamde 'withdrawel agreement'.

Hillegard Hazelhoff fan Burgerzaken yn Ljouwert

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de Brexitstemming

(advertinsje)
(advertinsje)