Stichting oer Nij Hiddum-Houw: "Belangen boargers net altyd boppe-oan"

29 jan 2020 - 12:44

"It wie miskien wol wat hoopjen tsjin de ferwachtingen yn, mar wy fine it tige spitich dat de útslach net posityf útfallen is." Dat seit foarsitter Annemieke Reitsma fan de stichting Hou Friesland Mooi, oer de útspraak fan de Ried fan Steat oer it wynpark Nij Hiddum-Houw.

Foto: Omrop Fryslân

De Ried fan Steat hat woansdeitemoarn alle beswieren tsjin it wynpark ôfwiisd. Dêrmei is grien ljocht jûn en kin it wynpark by Wûns, Koarnwert en Surch der definityf komme.

Beswieren net yn behanneling nommen

De beswieren fan de omwenners binne net yn behanneling nommen, om't se neffens de Raad te fier fan it wynpark ôf wenje, om der echt in soad lêst fan te hawwen.

De stichting seach de útspraak al net hielendal sitten. "De sjampanje stie by ús noch net klear", neffens Reitsma. "Mar wy hawwe it der no mei te dwaan. De ôfrûne sân jier hawwe wy alle kaarten ynset. Mar wy hawwe it net wûn en sille ús der by dellizze moatte."

"Belangen boargers net altyd boppe-oan"

Hou Friesland Mooi hat neffens de foarsitter gjin stekken fallen litten. "Wy hawwe der alles oan dien, om de omjouwing mei te nimmen en om de polityk ta ynsjoch te bringen. Mar der binne in hiel soad belangen. Wy hawwe sjoen dat de belangen fan de boargers net altyd boppe-oan stean."

Foarsitter Annemieke Reitsma

(advertinsje)
(advertinsje)