Vogelbescherming hat noed oer Portugeeske bouplannen

29 jan 2020 - 12:36

By Vogelbescherming Nederland is noed oer it nije ynternasjonale fleanfjild yn de mûning fan de rivier de Taag by Lissabon yn Portugal. Dêr warskôgje natuerbeskermers foar. In tredde oant de helte fan de skriezen brûkt de rysfjilden yn dit gebiet om foldwaande fetreserves op te bouwen foar de lange reis nei Nederlân en Fryslân.

Skriezen sammelje har yn de Taag monding - Foto: Verónica Mendéz

"Het is zorgwekkend", fertelt Marc Scheurkogel fan de Vogelbescherming. "Het is nooit bevorderlijk dat er een vliegveld wordt gebouwd bij zo'n geschikt gebied, want een groot deel van de grutto's overwintert daar."

Se sille earst sjen wat de juridyske status fan it gebiet is en oft dat foldwaande beskerme is. "Mogelijk kunnen we daarna stappen ondernemen. Onze Portugese collega's en andere partners hebben ons al benaderd of we kunnen adviseren. We volgen het met argusogen. En hopen op een goede afloop, want het is een belangrijk gebied."

Marc Scheurkegel fan de Vogelbescherming

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten wol nei Brussel ta om de bou fan it fleanfjild yn Portugal te kearen. Dat sil net mear slagje, jout Frans Kloosterman fan it bûn ta. "Want it komt der, dat is wol wis. Mar we kinne wol yn ferwar gean. We wolle hearre litte dat we it net iens binne mei wat dêr bart. We freegje hjir omtinken foar."

Frans Kloosterman fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten

(advertinsje)
(advertinsje)