Waadferiening: set sâltwinning stop

29 jan 2020 - 12:19

De Waadferiening fynt dat fuortdaliks opholden wurde moat mei sâltwinning. Ut nij ûndersyk docht bliken dat de effekten fan de sâltwinning op de natuer fan de Waadsee, net betrouber metten wurde kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Dat is neffens de Waadferiening reden om fuortdaliks op te hâlden. De ûndersykskommisje skriuwt dat ESCO, it mynboubedriuw, in flinke ûnfoldwaande krijt.

Yn 2013 krige ESCO in fergunning foar sâltwinning ûnder de Waadsee mei as betingst dat goed yn 'e gaten holden wurde moast wat de effekten op de natuer binne. Dy monitoaring is net goed dien.

De Waadferiening fynt dat ESCO pas fierder kin mei de winning as dat de monitoaring op oarder is.

Frisia: 'Pear dingen feroarje'

Direkteur Durk van Tuinen fan Frisia, dat ûnder ESCO falt, seit dat de auditkommisje sein hat dat it sâltwinningsbedriuw saken oanpasse moat yn de mjittingen. Neffens Van Tuinen giet it monitoarjen yn prinsipe goed, mar moatte der in pear dingen feroare wurde. It bedriuw sil de oanbefellings fan de kommisje oernimme. It boarjen is noch net úteinset.

(advertinsje)
(advertinsje)