Feanster bedriuw Sidijk lit riders sêft lânje

It Fryske bedriuw Sidijk fersoarget op de Olympyske Winterspelen fan 2022 de befeiliging op de olympyske iisbaan. De iisbefeiliging, sa't dat hjit, soarget derfoar dat de reedriders sêft telâne komme, as se ûnder harren rit falle. Sidijk op It Hearrenfean is dêr spesjalisearre yn.
© Sidijk
Ronald Rotteveel is direkteur fan Sidijk. It bedriuw is oer de hiele wrâld in grutte spiler as it giet om iisbaanbefeiliging, sis mar de kessens lâns de baan. En dat dy befeiliging goed wurket, is wichtich, fertelt Rotteveel.
"De snelheid fan de reedriders nimt noch elk jier ta, mar it giet ek wolris mis", sa seit Rotteveel. "By de 500 meter leit de snelheid enoarm heech, riders wolle de grins opsykje en nimme wolris in risiko."
It bedriuw is al jierren dwaande om it produkt te ferbetterjen. "By de langebaan yn Thialf wie earder in standert luchtkessen dat ferankere wie op de betonflier, hjoed-de-dei stiet it allegear fleksibel op de flier. Dus ast derynfalst, beweecht de iisbaanboarding folslein mei nei achteren. Troch dat fearjen kin dy boarding sa in soad enerzjy absorbearje."
Se meitsje kessens fan allerhanne formaat. "We meitsje ek lâningskessen foar auto's, dy binne 15 by 30 meter." Ek leverje se oan trampolineparken en binnendoarboarterstunen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Ronald Rotteveel (1)
By it EK yn Hongarije fan it ôfrûne wykein hat Sidijk ek de kessens levere. It bedriuw krijt ek wolris reaksjes fan riders. "Net allinne positive, mar ek negative. En dêr binne we just bliid mei, want dan kinne we it tenei better dwaan. Shorttrackers as Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting mar ek coach Jeroen Otter tinke aktyf mei."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Ronald Rotteveel (2)
Fan moandei 27 jannewaris oant en mei snein 2 febrewaris is de iiswike by Omrop Fryslân te folgjen op radio, telefyzje en online. Ek is der in spesjale muzykstream op omropfryslan.nl te finen mei muzyk fan de iisbaan. Mear ynformaasje oer de iiswike en de aksjebetingsten om kâns te meitsjen op de keunstiisbaan binne te finen op omropfryslan.nl/iiswike.