UPDATE: Jobbegeaster (83) ferstoarn nei slim ûngelok by De Gordyk

29 jan 2020 - 10:24

By it slimme ûngelok op de N392 by De Gordyk is woansdeitemoarn in 83-jierrige man út Jobbegea om it libben kommen. Twa auto's kamen op de dyk mei elkoar yn botsing.

De helptsjinsten hawwe dêrneist in swierferwûne frou nei it sikehûs brocht. Ek in tredde belutsene is nei it sikehûs brocht foar kontrôle.

Der wiene in soad helptsjinsten oanwêzich op De Gordyk. Ek de traumahelikopter waard oproppen. De dyk is ôfsletten foar ferkear. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Foto: ProNews
Trefwurden: 
ûngelok De Gordyk N392
(advertinsje)
(advertinsje)