Kollum: "IIs"

29 jan 2020 - 08:41

"Eartiids waarden doarpen opboud om tsjerken en iisbanen hinne. Yn de tsjerke komt net mear in soad folk. De iisbaan leit no bûten it doarp. Dat wie wol handich fan gemeentebestjoeren yn de 70'er jierren.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Moaie wenten midden yn it doarp op it plak fan de iisbaan en de iisklup krigen in moaie baan bûten it doarp. Dat koe finansjeel wol út. Dat úteinlik dêrtroch in hiel soad bern der net mear kamen, murken se net, om't it der altyd like drok like. Mar in iisbaan bûten it doarp is de helte kâlder, en de wyn hat dêr mear foech.

Likegoed is de meast ienriedige feriening yn in doarp noch altyd de iisklup. Doarpsbelang wol wolris in bedriuw op it plak ha dat de oerbuorlju net sitten sjogge. Dat kin wrikke. It wurk fan de iisklup is foar elkenien like needsaaklik. As it begjint te friezen, moat de iisbaan klear lizze.

In iisklupbestjoer bestie eartiids út timmerlju en skippers, dy hiene dochs neat te dwaan as it begûn te friezen. Se soargen foar de baan, de lampen en de flaggen en harren froulju foar de poeiermolke yn de molkbus. De skathâlder wie de boekhâlder fan it molkfabryk. De sekretaris wie de skoalmaster, dy die ek de administraasje by de wedstriden. En de foarsitter wie de grutste boer út de omkriten. As se der ien kear yn sieten, dan bleaune se langer as 25 jier. De jierlikse gearkomsten wiene gewoan gesellige doarpsjûnen.

Fryslân bestie yn de njoggentjinde iuw noch in soad út terpen en eilantsjes. Je seagen je famylje hast nea. Inkeld as it winter waard, dan koene je in kear by elkoar del. Dan hiene je it ek noch oan tiid, want je koene net folle oars. En de kroechjes by it ta iis wurden wetter del wiene ynienen iisherbergen, en dêr wie dûnsjen. Winters koe wreed wêze yn snie en hurde wyn, mar ek tige gesellich.

Ik ha noch nea op de elitêre Weissensee west, mar wol yn Finlân doe't dêr noch de 200 kilometer riden waard, om't it yn Fryslân net koe. Wy moasten fan de organisaasje dêr in kear de deis derfoar sauna's besjen. Yn de earste sauna seach ik nei bûten. Dêr siet in âld mantsje te fiskjen yn in yn it iis hakke gat. Dêr gie ik hinne. Njonken him stie in grutte tonne en dêr rikke hy de fisk yn dy't hy fong. Hy ferstie gjin Frysk, ik gjin Finsk. Likegoed krige ik fisk. En wat út de flesse, neffens my boppe de 85 persint.

Letter op de dei wiene we dikke maten, wie de flesse leech, de fisk op, en ik gie betiid op bêd. Ik bring my noch faach yn 't sin dat de soan fan de fisker efkes del kaam en yn dúdlik Ingelsk fertelde dat hy simmersk syn heit kwealik seach, it wie in pear hûndert kilometer. En no oer it iis mei de auto mar tweintich. En dat ik doe fertelde hoe moai as it by ús eartiids wie. Itselde byld, gjin auto's, mar redens.

Stadichoan is ús winterbyld feroare. Dêr, mar hjir ek. De iisklupbestjoerders hawwe kleurde sponsorjaskes oan. Se regelje de wedstriden op laptopkes, al kin dy de list noch net oer de kop dwaan. We ride miskien ien, twa kear yn de wike op Thialf of de Elfstedenhal. Fierder stean we op de tribune te sjen nei reedridende famkes dy't harsels optutsje foar in galabal, en jonges dy't har mei bleat boppeliif toane op Instagram. In hiele oare wrâld. As ik fertel oer eartiids, dan sjogge se my ûnbegryplik oan.

Wurdt it noch wat? Winter bliuwt hjir altyd gesellich. Fritz Korbach sei altyd tsjin my: "Jullie werken altijd hard, maar als het vriest staat iedereen op het ijs". Tsjintwurdich as it wurd 'friezen' falt, skuort Hilversum elkenien derfoar om ús smûke ferhaal te fertellen.

Mar jonges, as de wyn yn novimber binnen de dei wer út it easten wei is nei it súdwesten, dan komt der echt gjin echte winter. Miskien komme der yn febrewaris noch twa dagen iis. Mar harkje no ris goed nei Piet Paulusma. Dy seit nea mear as "it kin". Hy soe ek sizze moatte: "miskien wol net". No dat sis ik dan mar."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)