LIVEBLOG: De Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee

29 jan 2020 - 13:00

It wie noch efkes spannend, om't de temperatuer tiisdei oerdeis boppe nul wie, mar it hat de ôfrûne nacht wer ferzen op de Weissensee yn Eastenryk. Dat betsjut dat de Alternative Alvestêdetocht gewoan trochgiet. Yn dit liveblog hâlde we de wedstriid by.

  • De froulju binne om 07.30 oere begûn, de manlju om 07.45 oere.
  • De reedriders kinne oan de bak: se ride njoggentjin rûntsjes fan sa'n 10,5 kilometer. Totaal komme je dan op 200 kilometer.
  • Manon Kamminga is by de froulju dé favoryt. Se wûn ferline wike en dizze wike alle trije foargeande wedstriden op de Weissensee.
14:05
Ein fan dizze liveblog.

Mei Frank Vreugdenhil en Laura van Ramshorst as winners fan de Alternative Alvestêdetocht slute wy dizze liveblog ôf. Tige tank foar it folgjen fan de tocht op de Weissensee!

13:57
Laura van Ramshorst wint!

Laura van Ramshorst falt oan yn de slotkilometers en úteinliks slaat se mei dy oanfal har slach: se wint de Alternative Alvestêdetocht foar Emma Engbers, dy't twadde wurdt, en nûmer trije Beau Wagemaker. Dy lêste rydt foar team A6.nl, de ploech fan Klasina Seinstra. Manon Kamminga wint de sprint fan it peloton en is de bêste Friezinne op it sânde plak.

13:52
Ek Van der Molen kin net folgje.

Mei de finish yn sicht kin ek Jade van der Molen net mear folgje. Noch fjouwer froulju oer: Beau Wagemaker, Emma Engbers, Laura van Ramshorst en Tessa Snoek.

13:46
Hendriks moat ôfheakje, fiif froulju oer.

Chantal Hendriks hat muoite om noch stean te bliuwen en ferliest de oanslúting mei de kopgroep. Dat betsjut dat der noch fiif froulju oerbliuwe. Of kin Hendriks noch weromkomme? De kopgroep giet yn elts gefal de lêste kilometers yn.

13:35
Seis froulju oan kop.

De bel klinkt ek foar de froulju. Der ride seis oan kop (Beau Wagemaker, Jade van der Molen, Emma Engbers, Laura van Ramshorst, Tessa Snoek en Chantal Hendriks) mei in foarsprong fan in lytse minút op Ljouwerter Ankie Ytsma en Lianne Burger. Dêr wer in lytse tweintich sekonden efter sit it peloton, mei ûnder oare Anne Tauber, Merel Bosma en Manon Kamminga. Kinne dy noch tichterby komme?

13:22
Frank Vreugdenhil wint opnij!

Lykas ferline jier wint Frank Vreugdenhil de Alternative Alvestêdetocht! Hy wint de einsprint fan de kopgroep en ferslacht yn de einsprint Crispijn Ariëns (nûmer twa) en Jordy Harink (nûmer trije). Bêste Fries is op plak 22 Bart de Vries.

13:03
De manlju moatte noch ien ronde.

De njoggen koprinners by de manlju hearre by de trochkomst op start/finish de bel. Se hawwe noch ien ronde te gean. De efterfolgers sitte der goed oardel minút efter, dus de kâns is hiel grut dat de winner út de kopgroep komt.

12:48
Situaasje oan de kop.

Manlju

De manlju moatte noch twa ronden. Der is in kopgroep mei njoggen man (Jordy Harink, Marco van der Tuin, Frank Vreugdenhil, Bart van der Vlugt, Crispijn Ariëns, Erwin Mesu, Ronald Haasjes, Ronald Kruijer en Niels Immerzeel) dy't in heale minút foarsprong hat op efterfolger Christoffel Hendriks en mear as oardel minút op in groepke fan njoggen.

Froulju

By de froulju is it ûnrêstich oan de kop. Fan de groep fan fiiftjin binne der no noch fiif froulju dy't oan de lieding geane, nammentlik Beau Wagemaker, Jade van der Molen, Emma Engbers, Laura van Ramshorst en Tessa Snoek. It peloton rydt dêrefter op trije-en-in-heale minút. Dêr tuskenyn sitte de oare froulju dy't ûnderdiel útmakken fan de kopgroep, wêrûnder Ankie Ytsma fan Ljouwert. De froulju moatte noch trije ronden.

12:40
In livestream fan de Weissensee.
12:28
Serieuze kopgroep by de manlju.

Der is no ek in serieuze kopgroep ûntstien by de manlju. Tsien manlju, mei dêryn ûnder oare Crispijn Ariëns en âld-winner Frank Vreugdenhil, hawwe in gat fan sa'n oardel minút te pakken mei it peloton. Se moatte noch trije ronden.

(advertinsje)
(advertinsje)