Nij Portugeesk fleanfjld sit 'ús skriezen' yn it paad

29 jan 2020 - 17:54

Der driigje grutte problemen yn Portgal foar ús nasjonale fûgel fan it jier: de skries. Dêrfoar warskôgje natuerbeskermers yn Portugal. Der komt in ynternasjonaal fleanfjild yn de mûning fan de rivier de Taag by Lissabon. In tredde oant en mei de helte fan ús skriezen brûkt de rysfjilden yn dit gebiet no noch om foldwaande fetreserves op te bouwen foar de lange reis nei Nederlân en Fryslân.

Lokale wittenskippers rekkenje derop dat de skriezen troch it lûd fan leech foarby fleanende fleantugen ferjage wurde sille. Troch dy fersteuring yn de tariedingen op harren reis nei Fryslân is de ferwachting dat de fûgels hjir letter oankomme sille wêrtroch't sy noch mar kwealik tiid ha om suksesfol te brieden foar't meand wurdt.

Skriezen sammelje har yn de Taag monding - Foto: Verónica Mendéz

"Ik fyn it in ferskiklik idee. Wa hellet it yn syn holle om hjir in fleanfjild te bouwen, sizze minsken ek tsjin my as ik it der mei se oer haw", seit dr. José A. Alves. Dizze Portugeeske ekolooch is lektor en senior ûndersiker oan de universiteit fan Aveiro. Hy docht ûndersyk nei de skriezen en wurket gear mei de Fryske wittenskipper Theunis Piersma.

Skriezen fleane op yn Portugal - Foto: Verónica Mendéz

Alves: "Yn dizze tiid fan it jier sit in tredde oant en mei de helte fan jimme skriezepopulaasje yn dit gebiet. Dus in grut part fan jimme skriezen krijt lêst fan dit fleanfjild." Op it plak dêr't it fleanfjild komt, is al in lytser militêr fleanfjild. Mar dy oerlêst is net te ferlykjen mei wat der no komt. Benammen it lûd fan de oankommende en fuortgeande fleantugen kinne de fûgels net ferneare, tinkt Alves.

Alternativen?

In soad alternativen binne der net. Boppedat duorret it meastentiids wol in hiele generaasje skriezen foar't sy harren gedrach feroarje en in oar plak sykje. It is mar de fraach oft dy tiid der wol is, om't der noch hieltyd te min piken grut wurde om it tal skriezen oerein te hâlden.

Skriezen yn Portugal - Foto: Verónica Mendéz

De Portugeeske miljeu-autoriteit hat grien ljocht jûn en der komme maatregels om de skea te kompensearjen. Soks wurket miskien mei in bosk, mar net mei in tûzenen jierren âld sompegebiet, sa ferwachtsje de tsjinstanners.

It Portugeeske regear is lykwols akkoart gien. De bou set dit jier al útein en duorret seis jier. De tsjinstanners sette no alles op alles om mei de Europeeske Mienskip de plannen tsjin te hâlden omdat Portugal de ferplichtingen om dit gebiet te beskermjen sa skeine soe.

Ferslachjouwer Remco de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)