Wim Stroetinga wint Zesdaagse yn Berlyn

29 jan 2020 - 06:47

Wim Stroetinga fan Terwispel en syn maat Moreno De Pauw hawwe de Zesdaagse yn Berlyn wûn. Yn de slotfaze fan de finale skeakele it duo in toskje by en dat wie goed foar de einoerwinning yn de Dútske haadstêd.

Foto: Orange Pictures

Stroetinga en De Pauw stiene foar oanfang fan de finale noch op it fjirde plak yn it klassemint, mar slaggen der kreas yn de konkurrinsje yn te heljen. Uteinlik einige it twatal foar it Deenske duo Marc Hester en Oliver Wulff Frederiksen, dat twadde waard. It brûns gie nei Morgan Kneisky en Theo Reinhardt.

Foar de Belgyske Moreno De Pauw wie it syn lêste profesjonele hurdfytswedstriid. Stroetinga sette syn foarm fan earder dizze moanne troch, doe't hy mei oermacht de Seisdaagse fan Rotterdam wûn.

Trefwurden: 
hurdfytsen Wim Stroetinga
(advertinsje)
(advertinsje)