Tal nijbouwenningen yn Fryslân bliuwt efter

29 jan 2020 - 06:29

It tal nijbouhuzen yn Fryslân is ferline jier mei 0,7 persint groeid. Us provinsje bliuwt dêrmei achter by it lanlik trochsneed fan 0,9 persint. Dat blykt út sifers dy't it CBS woansdei bekend makke hat.

Foto: ANP

Allinne yn de provinsje Limboarch groeide de wenningfoarried minder as yn Fryslân. Seelân en Drinte sitte op itselde nivo as ús provinsje. De provinsje dêr't de wenningfoarried it hurdst groeid is, is Flevolân. Dêr naam it tal wenningen mei leafst 1,6 persint ta.

Gemeenten

Binnen Fryslân besteane grutte ferskillen. Sa groeide de wenningfoarried yn Harns yn 2019 mei leafst 2,1 persint en op Flylân sels mei 2,7 persint. Op Skiermûntseach waard lykwols neat byboud it ôfrûne jier.

Yn totaal kamen der ferline jier yn Fryslân 2.194 nijbouwenningen by.

Trefwurden: 
CBS wenningmerk nijbou
(advertinsje)
(advertinsje)