Goffe Jensma oer it Frysk yn de wrâld: striid foar lykweardigens

28 jan 2020 - 22:42

Mear minsken as ea tefoaren brûke it Frysk tsjintwurdich. En ek mear minsken leare de Fryske taal nei it 12e libbensjier: dat binne de 'new-speakers.' Dochs wurdt it ek hieltyd mear kombinearre mei Nederlânsk en Ingelsk. Dat fertelde heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma tiisdei op in lêzing yn it Oranje Bierhuis yn Ljouwert.

De lêzing fan heechlearaar Goffe Jensma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De lêzing hearde by it saneamde wittenskipskafee fan de Ryksuniversiteit Grins, mei ditkear as tema: 'Taal en rituelen in een globaliserende maatschappij.' Neffens Jensma soene benammen minsken út de polityk en de kultuer in oare hâlding hawwe kinne wat it Frysk oanbelanget.

'Frysk kin eigenens sjen litte, dat is ek in wearde'

Goffe Jensma: "Wy libje yn in tiid dat wy 'global' wolle, op fakânsje nei Tailân en saken dogge mei Ruslân. Wat moatte wy dan mei dat Frysk? Wy lizze it Frysk fan natuere in bytsje leech. Ik fyn persoanlik dat benammen bestjoerders en kulturele minsken better ynsjen moatte dat it Frysk net allinne in taal is dy't bining oan de mienskip jout, mar dat it ek in ding is dêr't je eigenens mei sjen litte kinne. Dat is ek in wearde."

Guon skatte it Frysk te leech yn, fynt hy. "Minsken fan de kultuer wolle graach grútte kultuer meitsje en dat fine sy dan yn striid mei eigenens: it Frysk. Te lytsskalich. De bottom-up dingen fyn ik faak better as de top-down dingen. De Under de Toer-foarstellingen of de iepenloftspullen binne fantastysk. Toeristen komme hjir hinne om unisiteit te belibjen, dat krije sy as sy minsken Frysk praten hearre. It Frysk kinne je ek as in ekonomyske kâns sjen, dat docht ek bliken út in soad ûndersyk."

Dêr is ûnderwiis en sichtberens wol wichtich foar. "Wy kinne it Frysk somtiden net foar eagen krije as wy it sykje om te praten. Ik nim dat 'taaltwivel.' As yn: 'Do hast in moaie, eh, wat is it ek al wer, neus. ' Wylst it noas is."

Brânbrief nei minister

Mei trije oare heechleararen hat Jensma in brief skreaun oan minister Van Engelshoven dêr't yn frege is om it Frysk in lykweardige posysje te jaan yn de beliedsfoarming fan it ministearje fan Underwiis. "Wy fine dat de stúdzjes Nederlânsk faai steane en troch de KNAW is dêr in rapport oer makke. Der is sprutsen oer maatregels om it Nederlânsk sterker te krijen, in garânsje foar in folsleine oplieding yn alle gefallen. En wy tinke dat it ek foar de twadde rykstaal jilde moat, it Frysk."

Jensma tinkt dat de minister der wol wat mei dwaan sil. "Ik tink dat de minister der samar omhinne kin. It sil net sa wêze dat wy likefolle krije as it Nederlânsk, mar nei ferhâlding moatte wy dochs wat meikrije kinne. Ik sis altyd: op nei de folgjende generaasje."

Goffe Jensma, heechlearaar Frysk taal- en letterkunde

Goffe Jensma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)