UPDATE: Stroomsteuring yn streekdoarpen boppe It Hearrenfean ferholpen

28 jan 2020 - 21:34

Yn it gebiet boppe It Hearrenfean hat tiisdeitejûn in stroomsteuring west. It gie om 478 húshâldingen op It Hearrenfean en yn Terbant, Lúnbert en Tsjalbert, melde netbehearder Liander. In monteur hat de steuring om 22.30 oere hinne ferholpen.

Foto: Omrop Fryslân

It gie om it gebiet rjochts boppe it klaverblêd: de Aengwirderwei, Bantsterschans, Bornego, De Finne, De Kampen, De Kluft, De Mieden, De Pole, H.B. Jonkerwei, Hooilanden, Omweg, Pastorieleane en Pastoriesingel.

Trefwurden: 
Liander steuring stroom
(advertinsje)
(advertinsje)