SC Hearrenfean treft Feyenoord yn kwartfinale KNVB-beker

28 jan 2020 - 21:20

Sportklup Hearrenfean moat it yn de kwartfinale fan de KNVB-beker opnimme tsjin Feyenoord. De Rotterdammers wûnen tiisdeitejûn mei 2-1 fan Fortuna Sittard.

Foto: SC Hearrenfean

De wedstriid tusken Fortuna en Feyenoord waard ferline wike nei 63 minuten stillein fanwege tichte mist. De twa klups begûnen tiisdei yn Sittard by in stân fan 1-1. Dat wie ek noch de stân nei de reguliere spyltiid en dêrom waard it duel mei in healoere ferlinge. Yn de lêste minút fan de ferlinging wist ynfaller Luciano Narsingh de beslissende treffer te meitsjen.

It duel tusken SC Hearrenfean en Feyenoord yn de kwartfinale wurdt op 13 febrewaris spile.

(advertinsje)
(advertinsje)