Fryske nominearden Gouden Loeki: Siete en Eelco fan Maeykehiem yn Sint-Nyk

28 jan 2020 - 20:42

Der binne Fryske kânshawwers foar de Ster Gouden Loeki. Wenbegelieder Siete en bewenner Eelco fan soarchynstelling Maeykehiem fan Sint-Nyk wiene prominint te sjen yn de kampanje 'Ik Zorg'. De reklamebylden binne nominearre foar de Ster Gouden Loeki, de telefyzjepriis foar de bêste reklamespot. Uteinlik geane fiif commercials troch nei de finale.

Siete en Eelco fan Maeykehiem yn Sint-Nyk - Foto: Ik zorg

De Friezen sieten yn de reklame foar de lanlike kampanje 'Ik zorg', dy't opset is om minsken entûsjast te meitsjen om yn de soarch te wurkjen. Sy binne no ien fan de 10 nominaasjes foar de Ster Gouden Loeki. Minsken kinne no op harren favorite nominaasje stimme.

Earder liet soarchynstelling Maeykehiem al witte tige grutsk te wêzen op 'harren' Eelco en Siete. By Maeykehiem yn Sint-Nyk fine minsken in plak mei in ferstanlike beheining.

Kampanje tsjin personielstekoart

It regear woe mei de publykskampanje sa'n 125.000 ekstra soarchmeiwurkers oanlûken, fanwegen it personielstekoart yn de soarch. Mei persoanlike ferhalen woe minister Bruins fan Medyske Soarch sjen litte hoe moai as it wurkjen yn de soarch is. De kampanje is opset yn gearwurking mei it ministearje fan Folkssûnens, bransj- en beropsferieningen en wurknimmers en -jouwers.

(advertinsje)
(advertinsje)