20ste Alternative Alvestêdetocht foar Lolke Buma: hoe komt it woansdei?

28 jan 2020 - 20:25

Hy is 79 jier en dêrmei is Lolke Buma fan Wytmarsum de âldste dielnimmer dy't de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee ried. De âld-feehâlder is mei syn frou en soan yn Eastenryk en hat tiisdei foar de tweintichste kear meidien oan de Alternative Alvestêdetocht.

Foto: Omrop Fryslân

De folsleine tocht wie net mear it doel. En dat slagge ek net: "Ik bin mei 100 kilometer opholden, want doe waard it iis te min. Der sieten frjemde plakken yn, je fleagen suver oer de kop. Ik tink: it ferstân moat foarop, ik hâld op."

Woansdei moat de offisjele tocht úteinsette. "Ik moat noch sjen oft it trochgiet. It wurdt wolris faker ôfblaasd, as it sa bliuwt sa't it no is, dan wurdt er fêst net holden. Mar ik beslis der net oer fansels," seit Buma.

Dweiltrochwiet

Dochs hat hy wol wille hân mei de tocht. "It hast my bêst foldien, mar de wâl keart it skip. Ik moast yn it lêst wol ophâlde. Ik bin twa kear fallen, en dweiltrochwiet. Dêr wurde je net better fan."

Buma wit noch net oft hy takom jier wer giet. "Ik besjoch it fan jier oant jier. Ik kin net foarút sjen. Mar as it sa bliuwt, kin it wol. Je moatte in leafhawwer wêze. Eartiids mei de echte Alvestêdetocht rieden wy mei fiif bruorren út ien húshâlding de tocht út."

"Ik kin der ek net mear fan meitsje"

By de Weissensee hat hy ek wol genôch belibbe. "Wy binne in kear ynsnijd, doe hiene wy in meter snie op de auto's. Wy wiene mei it fleantúch, mar wy moasten wol ús flecht feroarje. Want wy koene hjir net op 'e tiid wei komme. Dus dat kin ek. En hjoed wie it in graad as 6-7 boppe nul. Piet Paulusma hat it waar efkes ferteld, hy is hjir ek. Hy sei: ik kin der ek net mear fan meitsje. Sa komt it moarn."

Lolke Buma oer syn 20ste Alternative Alvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)