Hannemahuis siket guod út Twadde Wrâldoarloch foar útstalling

Gemeentemuseum it Hannemahuis, it Centraal Comité '45 en de feriening Oud Harlingen binne op syk nei guod út de Twadde Wrâldoarloch. Dat dogge sy om't sy yn april en maaie in spesjale tentoanstelling hâlde oer de oarloch en befrijing yn Harns.
It Hannemahuis © Omrop Fryslân
Fan bonkaarten en persoansbewizen binne der neffens de organisaasjes wol in soad. Mar der binne grif famyljes mei oare bysûndere dingen út dy tiid, sa wurdt der tocht. Foto's, bomdiggels, unifoarms, wapens, dokuminten. It kin en mei fan alles wêze.
De eksposysje moat fan 16 april oant en mei 31 maaie te sjen wêze yn it Hannemahuis.