Ferkeap eardere gemeentehûs Wommels beklonken: tenei senioarekompleks

It eardere gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels is definityf ferkocht. De gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't Littenseradiel yn 2018 yn opgie, hat it kompleks oerdroegen oan de nije eigener Quatro Paques út Balk. It gemeentehûs wurdt ferboud ta appartemintekompleks foar âlderein.
Mark de Man fan Súdwest-Fryslân en Johan Paques fan Quatro Paques © Gemeente Súdwest-Fryslân
Yn maart sil de ferbou fan it eardere gemeentehûs yn Wommels úteinsette. Der komme 18 apparteminten mei in 'doarpskeamer.' Om de jierwiksel hinne soene de apparteminten yn gebrûk naam wurde kinne. Derfoar hat Quatro Paques in oerienkomst sletten mei soarchorganisaasje Patyna.