Jan Ras ferlinget kontrakt by SC Hearrenfean

28 jan 2020 - 18:31

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei Jan Ras mei twa jier ferlinge, mei in opsje op noch in jier. It kontrakt mei de 21-jierrige Ras soe nei dit seizoen ôfrinne.

Foto: www.orangepictures.nl

Ras die oan it begjin fan dit seizoen mei oan trije kompetysjewedstriden fan it earste alvetal. Ein augustus skuorde hy syn knibbelkrúsbannen by in duel fan de beloften.

"Jan is een speler uit onze eigen jeugdopleiding en heeft zich de afgelopen jaren uitstekend ontwikkeld. Zijn blessure was echter een enorme domper voor zowel hemzelf als de club", seit technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean. "Momenteel zit hij volop in zijn revalidatieproces en wij hebben er alle vertrouwen in dat Jan de komende jaren weer kan laten zien wat hij kan."

(advertinsje)
(advertinsje)