Van der Voort fan Boksum yn Earste Keamer: each foar soarch en plattelân

28 jan 2020 - 18:22

Fryslân hat der ynkoarten in Earste Keamerlid by. De 55-jierrige Peter van der Voort fan Boksum is de beëage opfolger fan Alexandra van Huffelen, sa hat de Earste Keamer offisjeel bekend makke. Van Huffelen wurdt steatssekretaris fan Finânsjes. Har plak komt dus frij. Van der Voort is nei Joop Atsma, Gerben Gerbrandy, Tineke Huizinga en Ferd Crone de fiifde Fries yn de Earste Keamer.

Peter van der Voort - Foto: Eigen foto

"Ik heb er wel erg naar uitgekeken om plaats te nemen in de Eerste Kamer. Ik werk in de praktijk als arts en wordt ook geconfronteerd met allerlei wetgeving. Ik denk dat het heel goed is dat mensen die in de praktijk werken zich ook bezighouden met wetgeving en politiek," seit Van der Voort.

Oandacht foar plattelânsperspektyf

"Ik denk dat het belangrijk is om ook voor het plattelandsperspectief aandacht te hebben. D66 is er niet alleen voor de Randstedelingen, maar zeker ook voor de noordelijke provincies. Dus ik kijk ook naar wat voor het noorden goed is," jout Van der Voort oan.

Each foar de soarch

Hy wurke earder yn it MCL yn Ljouwert, en is op dit stuit haad fan de ôfdieling Intensive Care yn it UMCG yn Grins. "Het Eerste Kamerwerk is één dag in de week, op dinsdag is de vergadering. Dus daarnaast blijf ik werken in het UMCG. Natuurlijk moeten er wel stukken gelezen worden, maar de bedoeling is om het te combineren."

Van der Voort tinkt ek dat it him helpe kin by syn wurk: "Mijn expertise ligt in de gezondheidszorg, dus ik kijk met extra aandacht naar de wetgeving die daar over gaat. De Eerste Kamer is niet een kamer die wetten ontwerpt, wij kijken of het uitvoerbaar is en naar recht- en doelmatigheid. In die zin is het wel passiever, we moeten wachten op wat er uit de Tweede Kamer komt. Daar gaat het meer van dag tot dag, in de Eerste Kamer is er meer reflectie."

It nije Earste Keamerlid Peter van der Voort

(advertinsje)
(advertinsje)