Deputearre Fokkinga hie mear ferwachte fan Den Haag yn stikstofkrisis

De provinsje is teloarsteld yn it tempo wêrmei't Den Haag de stikstofkrisis yn ús lân oanpakt. Dat seit deputearre Klaas Fokkinga, no't de provinsje fan 1 febrewaris ôf de saneamde 'Beleidsregels Stikstof' yn wurking stelt. Dêrtroch kin fan dy dei ôf de ferliening fan fergunningen wer op gong komme yn Fryslân.
Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De provinsje hat wachte mei it ynfieren fan de beliedsregels yn ôfwachting fan belied fan it regear, mar no't dy der noch hieltyd net binne sil de provinsje har eigen plan lûke, sa seit deputearre Klaas Fokkinga.
"It gefolch is dat boeren net mear in fergunning oan hoege te freegjen foar beweidzjen en bedonging. En ek dat de administrative lêst foar de provinsjes en boeren net tanimt," jout Fokkinga oan.

Urginsje

"Wy binne wol teloarsteld yn Den Haag, sjoen nei de urginsje. Wie hiene hope dat it rapper gean soe. Mar it is ek yngewikkeld, dus der is ek wol wer begryp. Wy hawwe yn desimber mei de Steaten ôfsprutsen dat 1 febrewaris in deadline wêze soe, dêr wolle wy ús oan hâlde. Wy hawwe de romte jûn oan Den Haag om mei in tal saken te kommen, dat is net slagge. Wy tinke dochs dat it politike beslút honorearre wurde moat om de saak yn wurking te stellen," jout de deputearre oan.
Deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP oer de stikstofregels