Sybrandy's Speelpark hat plannen mei âlde slûsdoarren Lauwerseach

It nije Sybrandy's Speel- en Natuurpark yn Aldemardum wit wol ried mei de slûsdoarren fan Lauwerseach, dy't de gemeente Grinslân in skoft lyn fergees oanbea. De doarren hawwe harren bêste tiid hân en se geane neffens Grinslân nei de persoan dy't der in kreative oplossing foar hat. Sybrandy's-útbater Sjerp Jaarsma, dy't it park in nije bestimming jaan wol, wol de doarren brûke yn in nije attraksje yn it park op De Hege Gerzen.
© Provincie Groningen
De slûsdoarren sitte no noch yn de Robbengatslûs. Se binne elk fjouwer meter breed, sa'n tsien meter heech en wage 20 ton it stik. It is de bedoeling dat se yn april fuorthelle en ferfongen wurde troch nije doarren. Dêrnei kinne se nei harren nije bestimming.
Jaarsma wol Sybrandy's ombouwe ta in boarters- en natuerpark. De ôfrûne wiken hat lânskipsarsjitekt Maaike Vellinga in ûntwerp makke foar it park. Sybrandy's wol de slûsdoarren graach ferwurkje yn de nije attraksje 'het droge voetenpad'. Mei dy attraksje wol Jaarsma bern útlizze hoe't de wetterkearing en beskerming tsjin it wetter wurket.
It konseptûntwerp foar Sybrandy's Speel- en Natuurpark is by de gemeente De Fryske Marren en by Wetterskip Fryslân yntsjinne. Sa gau't de plannen goedkard binne, set de ferhuzing útein. It stribjen is om yn april it park te iepenjen, de perioade wêryn't de skoalreiskes begjinne.