Carabosse wurket hurd oan fjoerspektakel: wat stiet Ljouwert te wachtsjen?

28 jan 2020 - 17:29

Noch twa dagen en dan is de show Installation de Feu fan it Frânske selskip Compagnie Carabosse te sjen yn Ljouwert. It knisperjen en de geur fan fjoer moat eltsenien by inoar bringe om in magyske tocht troch de binnenstêd fan Ljouwert te belibjen. Hoewol't tongersdei de earste showdei is, wurdt yn it sintrum fan de stêd al drok wurke oan de opbou.

In poster fan Cie Carabosse mei de show 'Installation de Feu' yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Wij zijn vorige week donderdag al begonnen met de opbouw. De Fransen zijn vrijdagmiddag aangekomen en het is elke dag van acht tot zes buffelen. De Fransen zijn met 27 en morgen komen er nog 3. Van ons komen er ook nog 30 man bij morgen. Dus in totaal zijn er wel 60 man met de opbouw van de show bezig," seit Jan Gaastra fan de produksje.

Der binne noch wol wat tûkelteammen. "Het is lastig werken in een stad waar de wegen nog niet afgesloten zijn voor auto's. Maar het loopt goed, we lopen voor op schema. We merken dat de hele stad en alle ondernemers ontzettend blij zijn met wat er gaat komen."

"Het is een sfeer die over de stad heen zakt"

Gaastra leit út wat it aanst wurde moat. "Het is een belevenis. Je loopt de stad in en je wordt overvallen door het vuur. Er is live-muziek, het zijn verschillende installaties en er worden kerken nagebouwd met vuur. Het is moeilijk uit te leggen. een sfeer die over de stad heen zakt. De Sint-Vituskerk wordt onder andere nagebouwd." Dat is de tsjerke dy't oait by de Aldehou hearde. "Het gezelschap laat de stad op zich inwerken. Ze zijn op bezoek geweest en bedenken daar een beeld bij."

Der is in rûte troch de hiele binnestêd. Gaastra: "Het Wilhelminaplein is eigenlijk de start van de route. Daarna is het in de hele binnenstad te zien, inclusief de twee pleinen. Over het water, de Doelesteeg, Lombardssteeg, het Naauw. Zelfs voor de Fransen is het een hele grote. Er worden zes-zeven teams geformeerd, zij gaan de dingen voorbereiden en tegelijkertijd ontsteken."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Jan Gaastra fan de produksje

Hoe hâlde de Frânsen it fjoer oan?

Der wurdt waaks, parafine, lampe-oalje en houtskoal brûkt foar de ynstallaasjes. "Er gaat bijna negen ton houtskool op in drie dagen. Regen maakt daarvoor niet uit, houtskool gaat niet zomaar uit. Als het echt heel hard gaat waaien kunnen bepaalde onderdelen misschien niet helemaal uitgevoerd worden. Maar in principe moet alles door gaan." Spesjaal fanwegen it fjoerspektakel farre der ek ferskate preamen troch Ljouwert hinne.

Ferslachouwer Willem de Vries praat mei Christophe Bricheteau

(advertinsje)
(advertinsje)