Boargemaster Amelân hopet op draachflak en snelheid nei politike krisis

28 jan 2020 - 16:35

Hy hie him de earste riedsgearkomste fan gemeente Amelân wol wat oars foarsteld. De nije boargemaster Leo Pieter Stoel fan Amelân is noch mar krekt ynstalearre op It Amelân. Sûnt dy tiid wie it polityk sjoen net rêstich. It begûn mei it opstappen fan PvdA riedslid Irma Marinus út har partij en de koälsyje. En moandei stapten wethâlder Ellen Bruins Slot fan de PvdA en Theo Faber fan AmelandEén beiden op.

Foar de nije boargemaster Leo Pieter Stoel wie it in grutte ferrassing dat der ynienen twa wethâlders opstapten. "Het was voor mij een bijzondere vergadering, ik had mijn eerste raadsvergadering anders voorgesteld. Beide wethouders zijn gisteren afgetreden. Ik ben blij dat de raad daarna aangegeven heeft dat men het op prijs stelt dat de wethouders nog 30 dagen in functie blijven om de lopende zaken af te handelen."

Boargemaster sjocht net daalks in rol foar himsels om in nije koälysje yn inoar te setten. "Dat is een politieke aangelegenheid van de raadsfracties, zij moeten nu de dialoog voeren. Zij zijn in eerste instantie aan zet, ik word geïnformeerd en kan adviezen geven. Maar eerst is het aan hen. Dit moet in dertig dagen rond kunnen komen, ik heb vertrouwen dat het lukt."

Stoel hat it leafast in rommere mearderheid. "We hadden al geen grote meerderheid, maar door het overstappen van een gemeenteraadslid van de PvdA verviel de meerderheid in de coalitie. Het zou fijn zijn als er een breder draagvlak is, maar dat is aan de politiek. Het is een uitdaging om een goede oplossing te vinden."

Boargemaster Leo Pieter Stoel oer de krisis yn de gemeente

Van Heerde: gau hannelje

"In het belang van Ameland moeten er zo snel mogelijk goede zaken gedaan worden, dus die druk voelt iedereen. Er moet een stabiel bestuur komen, ook de commissaris van de Koning heeft dat aangegeven," seit riedslid Han van Heerde fan Ameland '82. "Misschien dat er nu meer partijen in de coalitie gaan zitten, zodat de coalitie steviger wordt. Dat zou kunnen, we wachten het af." Nei it opstappen fan Marinus hie de koälysje in minderheid fan 5 sitten, tsjin in opposysje fan 6 sitten.

AmelandEén wie de grutste by de lêste ferkiezingen. Dat wie foar harren in nije stap. "Je zult ook rekening moeten houden met wat er is, dat kun je niet zomaar naast je neerleggen. De praktijk is weerbarstiger. Daar lopen ze nu tegenaan en dat is niet prettig voor ze," seit Van Heerde.

Riedslis Han van Heerde fan Ameland '82

(advertinsje)
(advertinsje)