Ljouwerter wethâlder Herwil van Gelder stapt op

28 jan 2020 - 17:32

Wethâlder Herwil van Gelder fan de gemeente Ljouwert hat tiisdeitemiddei syn ûntslach oankundige op it stedhûs fan Ljouwert. Van Gelder wie wethâlder foar PAL GroenLinks en ferantwurdlik foar it opnij ynrjochtsjen fan de WMO.

Der wie de ôfrûne tiid in soad ophef rûnom Van Gelder. Om de tekoarten yn de soarch op te lossen, woe it nije kolleezje de soarch oars ynrjochtsje. Van Gelder wie dêr ferantwurdlik foar. Yn desimber 2018 sneuvele de wethâlder hast doe't it him net slagge de ried te oertsjûgjen.

Hy krige in lêste kâns om yn oparbeidzjen mei tal fan soarchorganisaasjes in nij plan te meitsjen. Mar dat is net slagge. Ofrûne wike heakken fjouwer soarchoanbieders ôf by de oanbesteging.

Van Gelder oerlibbe ôfrûne woansdei noch in moasje fan wantrouwen fan opposysjepartijen Gemeentebelangen Leeuwarden, ChristenUnie, VVD, Lijst058 en de FNP. De moasje krige lykwols gjin stipe fan de PvdA, D66 en it CDA en waard mei 26 tsjin alve stimmen fersmiten.

"Onvoldoende draagvlak"

"Helaas heb ik moeten constateren dat er in de coalitie onvoldoende draagvlak is voor mij om effectief als bestuurder te kunnen opereren", skriuwt Van Gelder yn in reaksje. "De afgelopen jaren heb ik me met hart en ziel ingezet voor de noodzakelijke vernieuwingen in het Sociaal Domein. Ook op andere dossiers heb ik me volop ingezet op de grote opgaven die er op de gemeente afkomen. Ik noem daarbij de energiestrategie, duurzaamheid, klimaat en statushouders."

"Ik kijk met plezier terug op de samenwerking met het team van professionals en ben trots op wat we samen bereikt hebben in deze gemeente."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it opstappen

Herwil van Gelder - Foto: Omrop Fryslân

Teloarsteld

De PAL GroenLinks-fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf lit witte tige teloarsteld te wêzen yn hoe't dit allegear gien is en winsket Van Gelder sterkte. Yn in skriftlike reaksje meldt de partij: "Herwil is een vakkundige wethouder die zich op integere wijze heeft ingezet voor de vernieuwing van het sociaal domein en het verduurzamen van Leeuwarden. We wensen Herwil de komende tijd veel sterkte en hopen dat hij zich snel kan richten op een andere uitdaging."

Woansdei oerlibbe Van Gelder noch in moasje fan wantrouwen, mar no docht bliken dat der ek binnen de koälysje net genôch fertrouwen is yn de wethâlder. De partij sil yn oerlis oer wat it opstappen fan Van Gelder krekt betsjutte sil foar harren rol yn it kolleezje. PvdA-fraksjefoarsitter Lutz Jacobi wol foarearst noch gjin reaksje jaan.

Boargemaster Buma seit dat er it beslút fan Van Gelder om op te stappen respektearret, mar dat er betreuret dat dizze stap nedich wie. "Ik dank hem voor zijn grote inzet als wethouder voor de gemeente Leeuwarden. De taken van wethouder van Gelder zullen tijdelijk worden waargenomen door het college van b&w."

(advertinsje)
(advertinsje)