Ljouwerter fanylje-eksporteur noch net benaud foar Brexit

Noch in dei as wat en dan nimt Grut-Brittanje ôfskied fan de Europeeske Uny. Dan is de Brexit in feit. Dat betsjut nochal wat, net allinne foar de Britten. It rekket bygelyks ek Bouwe de de Vries. Hy eksportearret fan it bedriuw Nielsen-Massey Vanillas út fanylje, ûnder oare nei Grut-Brittanje.
Fanylje eksporteur sjocht foarut op Brexit
De Brexit hat in soad gefolgen, mar net eltsenien rekket der daalks fan yn panyk. Bouwe de Vries is direkteur fan de Nederlanske fêstiging fan Nielsen-Massey yn Ljouwert.
Hy ferwachtet it kommende jier noch gjin problemen: "Op dit stuit binne der noch gjin soargen. Der komt earst in oergongsjier mei ûnderhannelingen. Wat de takomst oanbelanget is it wol wachtsjen op wat der út de oerienkomsten komt. Mar ik bin noch net benaud."
Bouwe de Vries oer de Brexit
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Hegere kosten, mear tiid

De Vries jout oan dat der sa'n 50 persint fan syn ôfset nei it UK giet. "Ik ferwachtsje wol dat de kosten omheech geane, ek om't der mear formaliteiten komme troch transport. Ek kin it wolris sa wêze dat de produkten djoerder wurde om't de pond minder wurdich wurdt. Dochs sille ymporteurs er mear lêst fan hawwe as ik. Foar har feroarje der mear regels, it kostet in soad tiid en kontrôle."
De Vries sit ek by de Friese Exportclub. "Guon ûndernimmers fan de klup hawwe wol mear soargen, benammen bedriuwen mei bederflike produkten. Stagnaasje betsjut dat de kwaliteit fan produkten efterút giet."